De Feriening foar Fryske Jongerein Bernlef is yn 1925 oprjochte as in Studinteselskip foar Fryske Stúdzje, mei as doel it behâld en it befoarderjen fan it Frysk eigene ûnder de Fryske studinten yn Grins. Tsjintwurdich draait it by Bernlef foaral om de geselligens. It Frysk is de binende faktor foar in grut ferskaat, soms fier útienrinnende types fan minsken. Bernlef hat in iepen karakter, wat ta útdrukking komt yn it feit dat der gjin ‘ûntgriening’ is en ek gjin oare foarm fan ferplichte yntroduksje. Asto dy oanmeldst as kandidaatlid bisto op in pear formaliteiten nei fuortendaliks al folweardich lid.
https://linktr.ee/f.fjbernlef